Medyske ynformaasje net yn it dossier: legere straf foar swiere mishanneling

In man út Drachten hat in wurkstraf fan 70 oeren krigen, omdat er in man mishannele hat, wêrtroch't dy bot ferwûne rekke. De twa hiene spul mei elkoar en it slachtoffer krige sa'n hurde klap dat er yn it sikehûs bedarre, mei in fraktuer oan de holle.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte wie oanklage foar swier lichaamlik letsel. Mar omdat de medyske ynformaasje net yn it strafdossier siet, sei de rjochter dat der te min bewiis wie foar de oanklacht.
It slachtoffer hie in skeaklaim fan 10.000 euro yntsjinne. Mar fanwege it te min oan bewiis krige er 750 euro tawiisd.