"Provinsje moat Omrin en REC oanpakke"

29 okt 2018 - 17:19

De provinsje moat ôffalferwurker Omrin twinge om de REC yn Harns minder sâltsoer útstjitte te litten. Dat wolle GrienLinks, SP en PvdA yn Provinsjale Steaten.

De yngong fan de REC - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Neffens de partijen sit de REC mei de útstjit fier boppe de wetlike noarm. Dat koe oant no ta, omdat Omrin de wet sa útlei, dat der in fêste korreksje tapast wurde mocht op de mjitweardes fan de útstjit. Mar yntusken hat 'Platform Kwaliteit Luchtmetingen' berekkenje litten wat de goeie mjitmetoade is, sadat der neat mear oars útlein wurde kin.

De trije Steatefraksjes freegje it kolleezje fan Deputearre Steaten om der foar te soargjen dat by de REC de goeie mjitmetoaden brûkt wurde. Se sizze dat oare ôffalferbaarners de noarm foar sâltsoerútstjit helje sûnder mjitkorreksje.

De Europeeske Kommisje hat sein dat de fêste mjitkorreksje dy't de REC brûkt ûnwinslik is, sizze de Steatefraksjes. En ek de steatssiktaris hat soks sein.

Hurde oanpak

De fraksjes wize der ek op dat Nederlân it Verdrag van Stockholm tekene hat foar it minimalisearjen fan de útstjit fan giftige stoffen lykas dioksines en PCB's. Omdat de direksje fan de REC dêr neat mei docht, fine GrienLinks, SP en PvdA it tiid foar in hurde oanpak.

(advertinsje)