Liander makket stroomnet klear foar de takomst

29 okt 2018 - 17:11

Netbehearder Liander makket it stroomnet yn de provinsje klear foar de takomst. Der wurdt hurd wurke oan in grut ynvestearringsplan. Mei de komst fan alle sinneparken en oare inisjativen op it mêd fan duorsume enerzjy moat it net oanpakt wurde.

Beheinings foar plannen

It giet dan benammen om de âldere wenwiken yn de provinsje. Wenningboukorporaasjes dy't dêr ferduorsumje wolle, troch dakken fol te lizzen mei sinnepanielen, rinne oan tsjin beheinings. Sa moat der earst goed sjoen wurde oft it stroomnet de ekstra levering fan elektrisiteit wol oan kin. Op plakken wêr't dat net mooglik is, wurdt it net oanpast. Dat kostet in soad tiid, al gau in oantal moannen.

Plannen útstelle om't stroomnet it net oan kin

By Thús Wonen yn Dokkum ha se grutte plannen foar it enerzjysunich krijen fan wenten. De bedoeling is dat der op sa'n fiiftûzen wenten sinnepanielen komme te lizzen. Der is goed oerlis mei netbehearder Liander, seit Wim de Vries fan Liander: "We hebben veel overleg. Dat moet ook wel. We moeten dit soort zaken goed op elkaar afstemmen."

Dochs moatte se yn in oantal gebieten plannen útstelle: "Dat klopt, er is een aantal gebieden waar we moeten wachten. Gelukkig kunnen we dan op andere locaties wel verder gaan."

Stroomnet moat oanpast wurde oan de nije tiid

It stroomnet moat de kommende jierren oanpast wurde, seit relaasjemanager Oeds Kuipers fan Liander: "It stroomnet sa't dat yn stêden leit, is ynrjochte op it leverjen fan stroom oan wenten. Dat wurdt mei de komst fan sinnepanielen oars. Minsken leverje op dagen mei in soad sinne in soad werom oan it net."

En dus wurdt it tiid foar ynvestearrings: "Der binne sa'n soad plannen yn de provinsje. Op dit stuit binne wy dwaande mei it bondeljen fan dy inisjativen en it skriuwen fan in ynvestearringsplan. Dan kinne we it stroomnet folslein beskikber meitsje foar it leverjen en weromleverjen fan stroom."

Boppedat, sa seit Kuipers, stean we noch mar oan it begjin fan in soad ûntwikkelings. It net moat dêr klear foar wêze: "Jawis, want as elkenien fan it gas ôf moat, hat dat konsekwinsjes. Der komme ek oare fraachstikken, bygelyks oer de opslach fan elektrisiteit. Dat makket de takomst foar my hiel nijsgjirrich."

(advertinsje)