Epke mei Nederlân achtste yn teamfinale WK turnjen

29 okt 2018 - 16:47

Nederlân is op it WK turnjen yn Katar achtste wurden yn de teamfinale by de manlju. Epke Zonderland kaam by de teamfinale yn aksje op de brêge en de rekstôk. It wie foar it earst dat de manljusploech yn de finale stie op in WK. "In ûnwerklike dream", neffens de Fryske turner.

Foto: ANP

De Nederlânske ploech bestie njonken Epke Zonderland út Bart Deurloo, Bram Louwije, Frank Rijken en Casimir Schmidt. Ljouwerter Michel Bletterman wie reserve.

Op de brêge wie Epke's skoare 13.933, op de rekstôk 14.333. Dêrmei wie er yn beide gefallen de bêste Nederlanner. De Nederlânske ploech die it fierder ek goed op sprong. Dêrnei gie it mei Franken mis op flier en foel Deurloo op it ûnderdiel foltiizje. Ek op ringen wie de skoare minder.

De wrâldtitel yn de Katareeske haadstêd Doha gie nei Sina, foar Ruslân en Japan.

Sneon rekstôkfinale

Takom sneon komt Epke Zonderland wer yn aksje. Dan stiet er yn de finale fan de rekstôk, it ûnderdiel wêrop't er al twa kear wrâldkampioen waard. In jier lyn wûn de Fries sulver op it WK yn Montreal.

Trefwurden: 
WK Epke Zonderland turnjen
(advertinsje)