Talepaviljoen MeM is net mear, mar krijt in twadde libben

29 okt 2018 - 16:47

It opfallende bouwurk MeM yn de Ljouwerter Prinsetún wurdt ôfbrutsen. In healjier lang hat it tsjinst dien as romte foar tal fan aktiviteiten fan Lân fan taal, organisearre troch de Afûk. Alle wiken stie ien taal sintraal. Ek it Omropprogramma Op&Ut kaam der wei. Betinker Kees Botman fan BUOG kin ferklappe dat it bouwurk in twadde libben krijt.

Foto: Omrop Fryslân

"Mem is dea. Snein ha we de kondoleânsje hân, mei kofje en cake," fertelt Kees Botman. "Dat klinkt swier, mar op de lêste dei ha we in feestje hân foar alle meiwurkers en frijwilligers. Guon hienen de triennen yn de eagen."

Underwilens is it gebou fan binnen al hast leech. De stroom is der al ôf. De tafels, stuollen, taap en kuolkasten binne allegear fersein. Ek MeM sels is ferkocht, al wol Botman noch net sizze oan wa, wol kin er priisjaan dat it yn Fryslân bliuwt. It giet dan inkeld om it houten bouwurk, net de froufiguer derboppe-op.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Kraan

Nije wike tiisdei komt in grutte kraan om de houten spanten los te heljen. "Dy kinne dan sa op in transportwein. Dat kin yn in dei. Dan bliuwt inkelde de skaad fan MeM oer."

It hat in drok healjier west. "It is ek in prachtplak hjir yn de Prinsetún. It past goed om ôf te bouwen, want Kulturele Haadstêd rint ek op syn ein. No mei Sinteklaas komme," laket er.

Botman hat gjin muoite mei it ôfbrekken. "As teätermakker bin ik dat wend, nei de lêste foarstelling brekst de boel ôf en giest wer fierder."

Kees Botman fan BUOG

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Alle wiken in taal sintraal

MeM wie in idee fan de Afûk. Se ha dêr tritich wiken lang allerhanne aktviteiten organisearre mei alle wiken ien taal sintraal, fan regionale streektalenyn Fryslân oant Europeeske minderheidstalen. "It is bysûnder om it no sa te sjen," seit Fokke Jagersma fan de Afûk. "Foar it earst sûnt in jier kinne we ús wer fatsoenlik bewege op kantoar om't der oars altyd guod lei. Dat koenen we no oprêde. We sjogge werom op in moai jier. It hat moai west."

Der ha goed hûndert optredens west en der is in soad gearwurke mei oare partijen. "We sille no sjen hoe't we dat takom jier en de jierren dêrnei dwaan sille."

Terapeutysk opromje

Ek Mirjam Vellinga fan de Afûk is tefreden. "Al fielt sa'n leech MeM ek wol mankelyk. We ha fan alles belibbe yn dy tritich wiken, mar it is ek goed dat der no in punt achter set wurdt. It opromjen wurket terapeutysk."

Troch de kontakten is in breed Europeesk netwurk fan lytse talen en streektalen opboud. "Fryske artysten wurken gear mei oaren en rekken dêrtroch ynspirearre. Soks wolle se faker dwaan."

Mar ek foar besikers wie it nijsgjirrich. "Dat der safolle tale binne, wisten se faak net. Minsken binne har bewuster wurden fan meartalichheid, net inkeld yn Fryslân, mar ek yn Europa."

Fokke Jagersma en Mirjam Vellinga fan de Afûk

Trefwurden: 
LF2018 mem Talepaviljoen
(advertinsje)