Ynwenners Surhústerfean wolle gjin hynstefokkerij foar de doar

29 okt 2018 - 15:28

De gemeente Achtkarspelen moat gjin hynstefokkerij tastean yn in stik greide oan de Warrebosleane yn Surhústerfean. Dat fine minsken dy't njonken it stik lân wenje. Se binne benaud dat se har útsjoch kwytreitsje, seine se moandei by in sitting fan de Raad van State. Se wolle dat de gemeente Achtkarspelen de fergunning ynlûkt.

It gebou fan de Raad van State yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

Neffens de buorlju hat de inisjatyfnimmer op syn eigen hiem in stâl en kin er dêr de fokkerij wol yn begjinne. De gemeente en advokaat fan de inisjatyfnimmer sizze dat de regels dat net tasteane.

Neffens de advokaat fan de buorlju ha de gemeente en de provinsje krekt it belied om nije bebouwing te konsintrearjen op besteande frijkommende bedriuwelokaasjes. Nijbou yn it bûtengebiet is sa goed as ûnmooglik.

De gemeente Achtkarspelen seit dat it allegear wol kin. In hynstefokkerij is neffens Achtkarspelen te fergelykjen mei in grûnbûne feehâlderij. En dy binne wol tastien op nije lokaasjes. De advokaat fan de buorlju brocht dêr by de Raad van State tsjin yn dat de gemeente Achtkarspelen de komst fan in hynstehâlderij yn Kûkherne ferbean hat, omdat dy pland wie yn in stik greide yn it bûtengebiet. Dat is neffens de advokaat mjitte mei twa maten.

De Raad van State siket de kommende wiken út oft de plannen foar de hynstefokkerij oan de Warrebosleane neffens it bestimmingsplan mooglik is of net.

(advertinsje)