F-16's fleanbasis Ljouwert helje dielnimmers Invictus Games binnen

29 okt 2018 - 14:22

De Quick Reaction Alert fan de fleanbasis yn Ljouwert is moandeitemiddei omheech flein foar in trainingsflecht. De training wurdt kombinearre mei it binnenheljen fan de dielnimmers oan de Invictus Games.

In F16 - Foto: Shutterstock.com

Dy komme moandei werom út it Australyske Sydney. De Invictus Games is in wrâldwiid sporttoernoai foar militêren dy't yn tsjinst ferwûne rekke binne.

It toernoai waard dit jier fan 20 oant 27 oktober hâlden. It toernoai is in inisjatyf fan de Britske prins Harry. Hy wie ek oanwêzich by de priisútrikking.

De bylden fan ien fan de Nederlânske dielnimmers dy't Harry syn frou Meghan Markle, tsjin it protokol ien, in tút joech, giene de hiele wrâld oer.

(advertinsje)