Bysûndere fisktrep by Ljouwert fergruttet it leefgebiet fan fisken

29 okt 2018 - 14:13

Oan de râne fan Ljouwert is in unike fisktrep ûntwikkele, dy't makke is mei help fan recycled wc-papier. Dat is net it iennige bysûndere. De fisktrep hat ek it systeem fan de âlde Middelsee, mei allegear lytse slinkjes en ribbels.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It oanlizzen fan de slinkjes en ribbels komt krekt en dêrby is yn earste ynstânsje gebrûk makke fan in makette. "Als je het niet goed doet, dan gaat de stroom veel te hard en dan kan de vis niet van A naar B", seit Maaike Vellinga, dy't de fisktrep by Ljouwert betocht hat.

Troch in fisktrep wurdt it leefgebiet fan fisken fergrutte. Sa wurdt it troch de nije fisktrep mooglik foar de fisken om út it leger lizzende polderpeil nei it heger lizzende boezempeil te kommen.

De fisktrep wurdt moandeitemiddei iepene. Dan wurdt in daam fuorthelle, wêrtroch't der wetter trochhinne streame sil.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Trefwurden: 
Ljouwert wetterskip fisktrep
(advertinsje)