TalentNed is de nije namme fan de reedrydploech fan Ireen Wüst

29 okt 2018 - 13:44

De nije ploech fan Ireen Wüst krijt de namme TalentNed. De ploech moat in platfoarm wurde foar talintfolle sporters en dus net allinnich mar reedriders. Ek Marwin Talsma sit yn dy ploech. Dat waard moandeitemiddei bekend makke op in parsekonferinsje yn Museum Belvédère.

De oare riders binne Esmee Visser (Olympysk kampioen 5000 meter), Lotte van Beek (wûn trije medaljes op de Spelen), Marcel Bosker, Jos de Vos en Louis Hollaar.

Peter Kolder is de coach en krijt help fan Wouter Olde Heuvel. Ald TVM-trainer Gerard Kemkers wurdt de direkteur fan de nije organisaasje. Hy wie earder manager topsport en talintûntwikkeling by FC Grins.

(advertinsje)