Cambuur skorst Steenvoorden; ferdigener ûntbrekt yn bekerwedstriid

29 okt 2018 - 13:43

Matthew Steenvoorden is troch de technyske stêf fan SC Cambuur foarearst út de seleksje set. Hy docht om dy reden net mei yn de bekerwedstriid fan tiisdei tsjin Koninklijke HFC. Trainer René Hake woe net sizze wat Steenvoorden dien hat, allinne "dat hij afspraken heeft geschonden".

Foto: AW Foto

Trainer René Hake kin tiisdei ek gjin berop dwaan op Daan Boerlage. De middenfjilder foel freed tsjin Go Ahead Eagles blessearre út. Moandei sil hy ûndersocht wurde yn it sikehûs. Mathias Schils sil him ferfange.

Oan stân ferplichte

Fierder wiziget Hake neat yn syn opstelling. "Voor Cambuur is de beker een belangrijke competitie. En spelers moeten leren drie wedstrijden in een week te spelen", sa seit Hake. Koninklijke HFC spilet yn de twadde difyzje, ien kompetysje leger as Cambuur. Hake: "We zijn het aan onze stand verplicht om door te bekeren."

Bysûndere wedstriid

Foar Cambuur-keeper Xavier Mous wurdt it tiisdei in spesjale wedstriid. Hy begûn syn fuotbalkarriêre by de klup út Haarlem. Boppedat spylje der ek noch meardere freonen fan him yn it team.

Mous: "Dit is voor mij de leukste loting. Koninklijke HFC is mijn cluppie eigenlijk. Er gaan veel appjes over en weer. We maken elkaar wat gek. Dat hoort erbij", fertelt er. "Ik heb ze gezegd dat ze niet mogen scoren. En als er iemand scoort, dat het niet die twee vrienden zijn. Haha!"

De wedstriid tusken SC Cambuur en Koninklijke HFC begjint tiisdeitejûn om 19.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Andor Faber docht it ferslach fanút it Cambuur Stadion.

(advertinsje)