Escher op reis lûkt 256.450 besikers; rekôr foar Fries Museum

29 okt 2018 - 13:39

Mei 256.450 besikers is 'Escher op reis' de bêst besochte tentoanstelling oant no ta yn it Fries Museum. It eardere rekôr wie de eksposysje mei wurk fan Alma-Tadema, dy't 158.000 besikers luts.

'Relativiteit', houtsnede út 1953 - Foto: www.mcescher.nl

Museumdirekteur Kris Callens oer it sukses: "Dit hadden we niet verwacht." Earst waarden 120.000 besikers ferwachte. Mar allinne de lêste wike kamen der al 15.000 besikers. Foar it publyk gie de doar sneintejûn om 18.30 oere ticht.

"Daarna konden alle medewerkers en 200 vrijwilligers afscheid nemen. Ze kregen de kans de tentoonstelling nog een keer te bekijken en onder het genot van een glas en een hapje bedankten we zo de inzet van iedereen, voor en achter de schermen."

M.C. Escher - Foto: Omrop Fryslân

Tichte doar

Troch de drokte stienen de lêste wiken wolris lilke minsken foar de doar dy't der net mear yn koenen. "We hebben het aantal boze mensen tot een minimum weten te beperken. We hadden een aantal kaarten achtergehouden die we ter plekke nog verkochten. We vinden het belangrijk dat mensen die betaald hebben waar voor hun geld krijgen en ten volle kunnen genieten. We willen dat mensen na hun bezoek hier weer terugkomen. Het gaat om de balans tussen het aantal bezoekers en de kwaliteit van het bezoek."

Kwetsbere printen

De tentoanstelling langer stean litte, wie net oan de oarder. "De prenten konden niet langer hangen. Nu hebben we zelfs van sommige werken een tweede exemplaar opgehangen na drie maanden. Werk op papier is kwetsbaar, als je dat langer dan drie maanden ophangt, zakt het door. Het kan dus niet te lang aan de muur hangen."

Wurdearring

It publyk wurdearre de tentoanstelling mei gemiddeld in 8,4. Fan de besikers kaam 96% spesjaal foar Escher nei it museum. Fan de besikers kaam 22% út Fryslân, 10% út it bûtenlân en 68% út de rest fan Nederlân.

Foar krekt wat mear as de helte wie dizze besite har earste oan it Fries Museum.

De audiotoer is troch 71.000 besikers beharke. En yn de Escherstudio, it neiboude wurkplak yn Rome, makken 8.212 besikers in digitale houtfyk en 41.166 besikers makken in selfie nei foarbyld fan it wurk Hand met spiegelende bol (1935).

Foto: Fries Museum

Rembrandt

De folgjende tentoanstelling stiet al wer foar de doar: Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw. "De banier aan de gevel en in de hal hangt al. Dat wordt ook weer bijzonder, met 29 werken van Rembrandt en zo'n 200 werken uit de eigen collectie, sommige zijn speciaal gerestaureerd, en uit andere collecties die het verhaal vertellen van de schilder Rembrandt van Rijn en zijn vrouw Saskia Uylenburgh en het societyhuwelijk in de zeventiende eeuw. Daar is ook het portret van Saskia bij, dat na 268 jaar weer in Nederland te zien is."

Oereblokken

By de nije útstalling wurket it museum wer mei oereblokken. "We willen dat een zo groot mogelijk aantal mensen begrensd kan genieten. We kunnen per week niet meer mensen kwijt dan bij Escher.

De útstalling iepenet 24 novimber en duorret oant en mei 17 maart 2019.

Besikers fan de Escher-tentoanstelling bestegen mear as acht miljoen yn Ljouwert oan tickets, iten, drinken, oernachtsje, winkelje en oare aktiviteiten. De tentoanstelling soarge foar mear as 53.000 oernachtingen yn de stêd.

Mear as 7.300 learlingen besochten de tentoanstelling en nochris 3.100 learlingen krigen gastlessen oer Escher op skoalle.

Museumdirekteur Kris Callens

(advertinsje)
(advertinsje)