Fallisemint Stint hat grutte gefolgen foar Fryske bernedeiferbliuwen

29 okt 2018 - 17:14

De produsint fan de bernebakfyts Stint freget moandei it fallisemint oan. In Stintbakfyts wie belutsen by in ûngelok yn Oss dêr't fjouwer bern by omkamen. Dêrtroch mei de bakfyts net mear brûkt wurde, stelde de minister. Dat hat grutte gefolgen foar tal fan bernedeiferbliuwen yn Fryslân.

Op It Hearrenfean hat it Stint-ferbod grutte gefolgen foar Hanny van Lune fan bernedeiferbliuw De Torteltuin. "We moeten naar structurele oplossingen gaan zoeken. Maar er zijn niet zo veel alternatieven. Meer busjes aanschaffen lijkt de enige oplossingen. We haalden de kinderen altijd uit school met de bakfiets, maar doen dat nu met busjes en lopend. Auto's rijden veel vaker heen en weer. Dat is niet ideaal. Mijn hele bedrijf is gericht op de Stint. We zijn bewust een groene BSO, waar de Stint belangrijk onderdeel van is."

Foto: ANP Foto

Finansjele gefolgen

Ek binne der grutte finansjele gefolgen. Van Lune: "We huren nu twee busjes. Dat kost ons honderden euro's per week. Maar denk ook aan extra personeel. Ook daarmee zijn we iedere week duurder uit." Van Lunen ferwachtet dat dit lytse organisaasjes de kop wolris kostje kin. "Het zal voor de kleine bedrijven zoals die van mij gevolgen gaan hebben, denk ik. Het heeft impact op je hele bedrijfsvoering en je visie."

Twivel

Sels set Van Lune har fraachtekens by it beslút fan de minister om de Stint folslein te ferbieden. "Ik vind het heel lastig allemaal. Er is nog altijd heel veel onzekerheid over het verbod. En er is nog altijd geen 100% duidelijkheid over de echte oorzaak van het vreselijke ongeluk." As de Stint wer tastien wurdt, hellet bernedeiopfang De Torteltuin de bakfyts fuortendaliks wer út it hok. "Zeker weten."

Ferslachjouwer Simone Scheffer sjocht by De Torteltuin

Friesland Lease

Friesland Lease is de grutte ferhierder fan de Stint. Direkteur Jan Baljeu hâldt noch hieltyd hoop dat de Stint aanst wol wer brûkt wurde kin. No't it bakfytsebedriuw nei alle gedachten fallyt ferkleare wurde sil, moat der socht wurde nei oare oplossings foar bygelyks it ûnderhâld fan de Stint. Der binne hast noch gjin kontrakten opsein troch bernedeiferbliuwen.

(advertinsje)