Epke Zonderland oer it finaleplak by de lannewestriid: "Unwerklike dream dy't útkomt"

Epke Zonderland is yn de Katareeske haadstêd Doha foar it wrâldkampioenskip turnjen. It Nederlânske team hat him ek ferrassend pleatst foar de finale fan de lannewedstriid. Dat is foar it earst. De wedstriid begjint dizze moandei om 14.00 oere. In kollega fan de NOS prate mei de Lemster turner.

Unwerklike dream dy't útkomt

Epke Zonderland is út de skroeven mei it sande plak by lannewedstriid. "It is echt net te leauwen, hjir hienen we hielendal gjin rekken mei hâlden. We hienen de ambysje om by de top 12 te kommen, en dat wie al ambisjeus, mar dat we no sânde binne is in ûnwerklike dream dy't útkomt. Sânde fan de wrâld, dat is hiel bysûnder."
"It is net in tafallichheid, mar in ynvestearring fan jierren dy't útkomt. De generaasje fan foar de Spelen fan Rio is trochgroeid. In soad minsken ha dêr in belangrike bydrage oan levere, ek yn de begelieding."

Yndividuele oefening op de rekstôk

Epke Zonderland hat him dêrneist ek pleatst foar de WK-finale oan de rekstôk. "Nei myn oefening foar de kwalifikaasje wie ik wat ûntefreden, der siet mear yn. Yn de finale wol ik graach mei in goed gefoel fan de rekstôk ôfstappe. Ik wol sjen litte wat deryn sit."

Enne.. mist er it thúsfront ek?

Neist it turnjen is der ek mei wat oars dêr't er him bot mei dwaande hâldt; hy en syn frou Linda binne lêsten heit en mem wurden fan soan Bert Eize.
"Ik tink alle dagen oan it thúsfront, Linda en Bert. We ha in soad kontakt. Ik bin superbliid dat it hjir sa goed giet, dat jout ek wol wat ôflieding. It is lestich om hjir salang te sitten en alle kearen oan thús te tinken. It is in fantastyske wike, mar ik sjoch der no ek al nei út dat ik wer nei hûs kin."
© www.orange-pictures.nl
De Nederlânske ploech bestiet njonken Epke Zonderland út Bart Deurloo, Bram Louwije, Frank Rijken en Casimir Schmidt. Ljouwerter Michel Bletterman is reserve.
De bêste acht lannen út de kwalifikaasje gienen troch nei de finale. Nederlân wie sânde. Ruslân hie yn de kwalifikaasje de bêste skoare, foar Sina en Japan.