Bestjoer fuotbalkup VV Zwaagwesteinde stapt op

By fuotbalklup De Westereen is op 'e nij opskuor ûntstien. It bestjoer, besteande út fjouwer leden, stapt ein novimber op. Dat dogge se as reaksje op de útspraken fan trainer Klaas Zandberg. Dy driget mei opstappen as it bestjoer in spiler fan it earste sneonsalvetal fjouwer wedstriden skrasse wol.
© Omrop Fryslan

Straf

De fuotballer hie earder op sosjale media mei denigrearjende en diskriminearjende teksten reagearre op it beslút fan it haadbestjoer om mei it sneinsfuotbal op te hâlden. De man hat dêr letter syn ekskús foar oanbean, mar it bestjoer fûn dochs in skorsing fan fjouwer wedstriden op syn plak.
It doel wie earst om de spiler te royearjen. Foarsitter Klaas Hoekstra: "Wy fûnen it klasse dat dizze man ta it ynsicht kaam dat er fout siet en himsels meld hat by it bestjoer. Hy hat syn ekskús oanbean oan de belutsen minsken. Dat ha wy meinaam yn de strafmaat."
Ast nei jierren ôfskied nimme moast fan de oarsprong fan in feriening, dat is net neat.
Foarsitter Klaas Hoekstra

Spul mei de trainer

Dat de trainer in miening hat oer it beslút fan it bestjoer, dêr hat Hoekstra alle begryp foar. "It is ien fan de wichtige spilers yn it team. Sa'n skorsing kin in grutte ynfloed ha op it ferrin fan it seizoen. Wy ha dêr begrip foar. Wy ha nei beried mei it bestjoer keazen foar in lichtere fariant, wêryn't de man frijwilligerswurk dwaan soe op it terrein."
Dochs foel ek dizze straf net goed by de trainer. "Wy ha in lange histoarje yn it sneinsfuotbal. It sneonsfuotbal is der stadichoan bykaam. Ast nei jierren ôfskied nimme moatst fan de oarsprong fan in feriening, dat is net neat. Wy ha ússels ôffrege oft wy hjir as bestjoer noch by passe. It is goed om op 'e nij te tinken wêr't wy as feriening stean en te soargjen dat wy wer ta bloei komme."
Neat leit ús yn de wei om wer in sukses fan de klup te meitsjen.
Foarsitter Klaas Hoekstra

Teloarstelling

Dat beslút is hielendal ferkeard fallen by de trainer en oare spilers. Foarsitter Klaas Hoekstra is teloarsteld yn de hâlding fan de trainer. Neffens him hat it bestjoer der alles oan dien om út de ympasse te kommen, mar is dêr net yn slagge. It beslút om op te stappen, is lykwols net allinnich naam fanwege it ûnmin mei de trainer. "Wy sjogge it breder. Dit is foar ús in goed momint om op te stappen."

Nij bestjoer

It bestjoer sil no op de ledegearkomste fan 30 novimber ôfgean. Hoekstra wit net oft der kandidaten binne om in nij bestjoer te foarmjen. "Ik tink dat der wol in soad minsken binne dy't opstean sille om de klup fierder foarút te helpen. Der wurdt wol deeglik oan de takomst wurke. Foar ús sit it der dan op. Ik ha it tolve jier dien, mei in soad enerzjy. De klup stiet der prima foar. Neat leit ús yn de wei om hjir in sukses fan te meitsjen."
Foarsitter Klaas Hoekstra fan VV Zwaagwesteinde