Hoe faak hat de wolf al taslein yn Fryslân?

Geregeld komt it yn it nijs: in boer fynt ien of meardere deade skiep yn syn lân. Deabiten troch in wolf. Yn seis Fryske plakken hat de wolf dit jier al taslein en skiep deabiten. Mei elkoar giet it om tweintich bisten dêr't fan oantoand is dat se troch de wolf pakt binne.
© ANP
It lêste slachtoffer fan in wolf like by boer Sander de Jong yn Toppenhuzen te wêzen. De kop fan ien fan syn skiep wie hielendal ferfretten. Mar nei ûndersyk fan it Faunafûns die bliken dat it bist net troch in wolf oanfallen is, mar dat it om in stel foksen giet.
Earder dit jier wie de wolf wol de dieder fan it deabiten fan skiep. In oersjoch:

April

It earste gefal wie yn april, doe't de wolf tasloech yn Appelskea/Boyl en twa skiep deabiet.

Maaie

In moanne letter waarden mar leafst trettjin skiep it slachtofffer. By De Knipe gie it om sân bisten en yn Langsweagen gie it om seis bisten.

Juny

Wer in moanne letter, yn juny, wie de wolf aktyf op trije plakken yn de provinsje. Yn Rinsumageast/Westergeast pakte it bist ien skiep, en yn Aldlemmer en yn Driezum gie it yn beide gefallen om twa skiep.

Skea

De provinsje hat in Faunafûns ynsteld foar skeafergoeding. Dêr falt skea troch de wolf ek ûnder. Inkeld by de skiep yn De Knipe is de skea fêststeld. It gie om in bedrach fan hast tûzen euro.
In skiep © Shutterstock.com

Noed

Skieppehâlders ha earder dit jier al oanjûn dat se benaud wienen foar de komst fan de wolf doe't de wolf foar it earst sinjalearre waard.

Goed foar de natuer

Ut ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins kaam nei foaren dat it foar de natoer in goeie saak wêze soe, as der wolven nei Fryslân kamen. Yn Poalen hie de oanwêzigens fan wolven positive effekten op jonge beamkes. "Het angsteffect dat de wolven hebben, kan zorgen voor een grotere variatie. Als hier een wolf zich vestigt en er een roedel komt, dan krijg je op den duur wel een andere bosstructuur," seit ûndersiker Christian Smit.

Wolf is minskeskou

Neffens boskwachter Roel Vriesema is de komst fan de wolf in nije faze dêr't we mei leare moatte om te gean. Neffens him hoege minsken net benaud te wêzen. "De wolf is yn prinsipe minskeskou, dy siket de rêstige gebieten op."