Ekstra maatregels moatte lûdsoerlêst motorcrossers Prikkedaam beheine

29 okt 2018 - 11:38

Al jierren is der striid tusken de motorcrossers fan de Prikkedaam by Makkingea en de omwenners. De motorklup krige it ôfrûne jier meardere twangsommen oplein fan de gemeente Eaststellingwerf. It bestjoer hat maatregels naam om de lûdsoerlêst te beheinen.

Om de heechste bulte, dy't as oarsaak sjoen wurdt fan de heechste lûdspiken, is in bocht lein. De klup wurket mei de gemeente oan in 'gedoogconstructie'. Op dy wize kinne se útfine oft de bulte yndied it probleem is, sûnder it risiko te rinnen dat se wer in boete krije.

Oare eveneminten

Tagelyk wol de motorklup it terrein, dêr't de baan op leit, faker iepenstelle foar oare eveneminten. It giet neffens foarsitter Wout van der Molen fan de motorcrossklup om inisjativen dy't minder lûd meitsje, lykas mountainbike, crossfytse of survivals. It terrein is der neffens him hiel geskikt foar, sûnder dat de buorlju der oerlêst fan ûnderfine.

Foarsitter Wout van der Molen

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)