Skiep is nei alle gedachten deabiten troch foksen

29 okt 2018 - 16:36

It skiep fan melkfeehâlder Sander de Jong yn Toppenhuzen is net deabiten troch in wolf. Ut DNA-ûndersyk fan it Faunafûns docht bliken dat it bist pakt is troch meardere foksen. De Jong kin ek wol yn dat senario komme. "Ik leau no ek wol dat dit net it wurk is fan in wolf."

De Jong waard moandeitemoarn belle troch it Faunafûns. "Se tinke dat it in groep foksen west hat." Earder tocht De Jong sels dat it om it wurk fan in wolf gong. Mar út it ûndersyk docht bliken dat dit net it gefal is.

Mensen trekken vaak te snel conclusies nu de wolf in Nederland gesignaleerd is.

Wolvespesjalist Hugh Jansman

Te rappe konklúzjes

Hugh Jansman is ekolooch oan de Universiteit Wageningen en hy is spesalisearre yn de wolf. Jansman jout moandeitemiddei yn Ljouwert in lêzing oer de comeback fan de wolf yn Nederlân. "Het lijkt me hoogstonwaarschijnlijk dat dit het werk is van een wolf", fertelt hy. "Mensen trekken vaak te snel conclusies nu de wolf in Nederland gesignaleerd is."

Yn april 2018 is offisjeel fêststeld dat de wolf wer yn Fryslân is. It is mear as in iuw lyn dat it bist foar it lêst yn ús provinsje sjoen waard.

(advertinsje)