Gosse van der Meer stiet oan de start by EK fjildriden

29 okt 2018 - 11:19

Gosse van der Meer fan Surhuzum stiet snein oan de start by it Europeesk kampioenskip fjildriden yn Rosmalen. Bûnscoach Gerben de Knegt hat him opnaam yn syn seleksje foar it EK.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Nederlânske ploech is topfavoryt foar de titel. Mei Mathieu van der Poel hat Nederlân nammentlik de bêste fjildrider fan it momint yn it team.

Fryske frou

By de froulju docht der ek in Friezinne mei: Sophie de Boer is berne yn Drachten en ek foar har hat bûnscoach De Knegt in plakje yn syn seleksje reservearre.

(advertinsje)