Plysje Ljouwert hat hannen fol oan droktemakkers

In falskmunter út Lelystêd en in rûzjesiker út Froombosch hawwe de plysje yn Ljouwert dit wykein flink oan it wurk hâlden dit wykein. Beiden fersetten har fûleindich by de oanhâlding.
Arrestaasje © Shutterstock.com

Droktemakker

In 47-jierrige man út Froombosch is dit wykein oanhâlden nei't er minsken yn in hoarekagelegenheid oan de Iewâl yn Ljouwert lestich foel. De man skold de plysjes út doe't er oanhâlden waard. Op it plysjeburo die bliken dat de man ek noch in stanleymes by him hie. Hy kriget in boete fan 350 euro.

Falskmunter

De man út Lelystêd dy't it ôfrûne wykein yn Ljouwert mei in falsk biljet fan 20 euro betelle, moat him op 26 febrewaris takom jier by de rjochter melde. De man fersette him tsjin syn oanhâlding en misledige de plysje.