Wim Stroetinga wint 'Zesdaagse van Londen'

29 okt 2018 - 08:31

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat snein de 'Zesdaagse van Londen' op syn namme skreaun. Dat die er tegearre mei Yoeri Havik. It duo wie nei seis dagen yn de Ingelske haadstêd de bêste op it ûnderdiel koppelkoers.

Foto: www.orange-pictures.nl

By it yngean fan de lêste dei stiene Stroetinga en Havik noch op it fjirde plak yn it algemien klassemint. It duo naam yn de lêste races snein de lieding oer en joech dy kopposysje net mear út hannen. Twadde waard in Australysk duo en op it tredde plak einigen twa Dútsers.

(advertinsje)