Treinen tusken Bûtenpost en Grins ride wer

29 okt 2018 - 08:15

De treinen tusken Bûtenpost en Grins ride wer. It wurk oan it spoar op dit trajekt is klear. Ofrûne nacht waard der noch drok oan it spoar wurke. René Vegter fan ProRail: "We hebben allerlei testen uitgevoerd om zeker te weten of alles weer functioneert zoals het moet functioneren." Der is noch ien steuring tusken twa wiksels, dêr't monteurs op dit stuit drok mei dwaande binne. Dêrtroch rydt der in trein minder tusken Grins en Zuidhorn.

It stasjon fan Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Gjin treinferkear

Twa wiken lang wie der gjin treinferkear mooglik tusken Bûtenpost en Grins. Dat hie alles te krijen mei wurksumheden oan it spoar op dat trajekt foar in ekstra sneltrein tusken Grins en Ljouwert. Dêrtroch kinne der yn de takomst twa sneltreinen en twa stoptreinen yn de oere ride. Ek sille de treinen langer wurde en kinne se op inkele punten flugger ride.

Wurk oan it spoar

Arriva hat de ôfrûne twa wiken bussen ynset tusken Bûtenpost en Grins om reizgers te ferfieren. It wurk oan it spoar op dit trajekt duorret al mei al noch oant 2020. Yn de kommende tiid sil der noch faker opûnthâld wêze foar reizgers, warskôget Vegter.

Rene Vegter fan ProRail

(advertinsje)