Kollum: "Sinten of pasjinten?"

29 okt 2018 - 07:37

"Stel, do bist boer en kinst de kop net mear boppe wetter hâlde. Dan kinst dy toch net foarstelle dat de bank seit: "Moarn foar trije oere middeis moat de hiele stâl skjin wêze. Alle hûndert bisten der út. Makket ús gjin sek út wêr'st der mei hinne moast, mar om trije oere stiet der gjin ko mear op stâl." Of do hast in supermerk en giest fallyt. Dat de bank dan seit: "Moarn om trije oere is de hiele winkel leech. Gjin blik tusearten stiet noch yn it skap. Leech moat it wêze." Dat soe dochs nuver wêze. Mar sa giet it wol yn de soarch.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ofrûne wike gongen der fjouwer sikehûzen fallyt. It gong om de IJsselmeerziekenhuizen yn Emmeloord, Lelystêd en Dronten en it Slotervaart sikehûs yn Amsterdam. Allegear hearden se by de saneamde MC Groep, dy't de kop net mear boppe wetter hâlde koe. De rjochter spruts tongersdei definityf it fallisemint út. Dat nijs kaam hurd oan by alle wurknimmers. Mar wat noch folle hurder oankaam wie it nijs dat it Slotervaart yn Amsterdam yn 24 oeren tiid alle pasjinten út it sikehûs helje moast.

In dei en in nacht krige it sikehûs de tiid om fyftich pasjinten te ferpleatsen nei in oar plakje. Ambulânses en taksys rieden freed oan en ôf om elkenien nei in oar sikehûs te ferfieren. Undertusken wisten pasjinten thús net oft in ôfspraak yn it sikehûs wol of net trochgong. De telefoan stie readgleon. Gûlende ferpleechkundigen, in stoepe fol mei minsken fan de parse en pasjinten dy't poerrazend wiene.

As ik dit sa foarlês, soe it sa it senario fan in nije Hollywood-film wêze kinne. In film oer in sikehûs dêr't in deadlik firus útbrekt, wêrtroch't elkenien yn minder as 24 oeren fuort wêze moat. Slagget dat net, dan giet de hiele wrâld der oan. Soks. Mar niks gjin deadlik firus yn Amsterdam; wêr't it hjir om giet is jild. Keihurde euro's.

Ast der oer neitinkst is it fan de gekke dat sikehûzen kommersjele organisaasjes binne. Dat se ûnderling mei elkoar konkurrearje moatte as it giet om de bêste behannelings. Foarstanners fan dizze marktwerking sizze: 'Ja, mar dan krijst dus wol dat de bêste sikehûzen oerbliuwe." Sil wol sa wêze, mar it betsjut tagelyk dat de lytse sikehûzen ferdwine. Dy ha simpelwei it budzjet net om mei de grutten mei te dwaan.

Dat seachst wol by De Sionsberg, dat yn 2016 fallyt gong. En dus moatte minsken boppe Dokkum foar soarch hieltyd fierder reizgje. En dat jildt no dus ek foar ynwenners fan de Flevopolder. En dat is prima salang as it om in yngewikkelde operaasje oan dyn knibbel giet. Mar ast befalle moast of akút help nedich hast, dan wolst dat net.

Ast it my fregest hie de oerheid de soarch nea út hannen jaan moatten oan kommersjele partijen. It is fout west om gewurde te litten dat der winst draaid wurde moat op in sikehûs. Want wy witte allegear: as der jild yn it spul komt, giet dat ten koste fan de goeie saak. Dat is minske-eigen: jild feroaret dy. Ast no wolst of net, úteinlik kiest elkenien foar it meast geunstige finansjele plaatsje.

Ien ding is ús de ôfrûne wike wol hiel pynlik dúdlik wurden: jild is tsjintwurdich it deadlike firus út de Hollywood-film. Wy sjogge no wat der fan dy marktwerking yn de soarch komt. Net pásjinten steane mear sintraal mar sinten. Mar wy pasjinten betelje úteinlik de rekkening."

(advertinsje)