Mooglik trije nije liuwen nei Nijeberkeap

29 okt 2018 - 07:06

Felida Big Cat Centre, de opfang foar grutte katten yn Nijeberkeap, krijt der mooglik trije nije bewenners by. De trije liuwen binne rêden út in privé-bistetún yn Albanië troch de stichting Vier Voeters. "We willen de drie leeuwen naar Nijeberkoop brengen", fertelt direkteur Barbara van Genne.

Foto: ANP Foto

De Albaneeske eigener fersoarge de bisten dêr sa min, dat se siik waarden. Neist de liuwen sieten der ek in bear, herten en foksen yn de privee-bistetún. De bisten sitte no tydlik yn in opfang yn de haadstêd Tirana. Neffens de eigener wie der neat oan de hân en binne syn bisten yllegaal fuorthelle.

Zoo from Hell

De bistetún is al langer yn byld by Vier Voeters. Om't de eigener alle fergunnings hie, wie it lykwols dreech om yn te gripen. Yntusken binne de fergunnings ferrûn en koe der lang om let aksje ûndernaam wurde. Al rap kamen der foto's fan de fertutearze bisten nei bûten. De bistetún stiet bekend as 'Europa's slechtste dierentuin' en de 'Zoo from Hell'.

(advertinsje)