Faunafûns docht ûndersyk nei deabiten skiep yn Toppenhuzen

29 okt 2018 - 06:41

It Faunafûns sil moandei ûndersyk dwaan nei it deabiten skiep fan melkfeehâlder Sander de Jong fan Toppenhuzen. De Jong tinkt dat it skiep deabiten is troch in wolf. Oft dat wier is, moat blike út it ûndersyk fan it Faunafûns

It deabiten skiep yn it lân by Toppenhuzen - Foto: Sander de Jong

Sneon fûn De Jong it deabiten skiep yn in stik greide by Toppenhuzen. "Ik fernaam fuort dat it mis wie. Doe't alle skiep fuortdraafden, bleau der ientsje lizzen. Ik koe wol sjen dat it net om in natuerlike dea gong." De kop fan it skiep is hielendal ferfretten. Dat kin in hûn net dien hawwe, tinkt De Jong.

Troch in hûn kin dit net dien wêze.

Melkfeehâlder Sander de Jong

Hûn

De Jong: "Oan it plak te sjen dêr't it skiep lei, moat it wol in wolf west ha. Troch in hûn kin dit net dien wêze. Ik ha ek by de buorlju frege en dy fertelden allegear dat de hûnen gewoan binnen wiene."

Undersyk Faunafûns

Ut ûndersyk moat moandei bliken dwaan oft it wier in wolf west hat, dy't it skiep deabiten hat. De Jong is benijd: "Fansels, it is no noch net wis oft it troch in wolf dien is. Mar dit kin it begjin wêze fan in ferhaal dat noch wol in sturtsje krijt." Wannear't blykt dat it yndie in wolf west hat, dan kin De Jong skeafergoeding oanfreegje.

Maatregels

Boer De Jong nimt sels alfêst foarsoarchmaatregels troch de skiep te ferpleatsen fan Toppenhuzen nei Boalsert.

Melkfeehâlder Sander de Jong

(advertinsje)