Sven en Jorrit showe poppen

Wa't nijsgjirrich is nei de dochter fan Sven Kramer of de soan fan Jorrit Bergsma hoecht net langer te wachtsjen. De poppe fan Sven is te bewûnderjen op Instagram. En Jorrit Bergsma stiet mei soan Brent yn De Telegraaf.
© Instagram Naomi van As

Kae Robin

Naomi van As, de freondinne fan Sven, sette snein in foto fan it stel mei dochter Kae Robin op har Instagram. 'Happy family' stiet der by te lêzen.

Brent

En Jorrit fertelt yn De Telegraaf dat hy de lokkichste man op de wrâld is mei syn soan Brent en frou Heather. "Tegen zoiets moois kan helemaal niks op." Earder fertelde Jorrit ek al by de Omrop hoe grutsk er is op syn soan.