Michel Vlap nei winst op AZ: "Dit is heel erg lekker!"

28 okt 2018 - 21:24

Mei tanksij twa goals fan de Snitser Michel Vlap, wûn SC Hearrenfean snein mei 3-2 by AZ yn Alkmaar. "Dit is heel lekker!", jubele Vlap nei ôfrin fan de wedstriid.

Vlap: "In het begin liep het wat stroef en krijgen we een goal om de oren. Dat is niet leuk, dat was een wake-up call. De 1-1 van ons is een goede goal. Na een goede voorzet van Arber, kon ik het afmaken. En daarna begonnen we echt te voetballen. Dan maken we ook de 2-1 en dat is hartstikke lekker natuurlijk."

Ek trainer Jan Olde Riekerink is foldien mei de winst by AZ. "AZ-uit is een zware wedstrijd, dus dit is een mooie overwinning." Ferbetterpunten sjocht de trainer noch wol: "Het eerste kwartier waren we niet goed, zowel bij balbezit als bij balverlies. Daarna gaan we voetballen. Dat is het belangrijkste vandaag; we voetballen gewoon. En verdedigend stonden we goed."

Spilet Pierie aanst foar de Feriene Steaten?

Dizze wike waard bekend dat Hearrenfean-ferdigener Kik Pierie troch it Amerikaanske bûn benadere is om eventueel foar de Feriene Steaten út te kommen. Hiel folle mear koe Pierie der noch net oer kwyt: "Ze hebben me benaderd. Dat is gek genoeg alles wat ik er over kwijt kan.. meer dan dat is het eigenlijk nog niet."

De 18-jierrige Ljouwerter waard berne yn de Amerikaanske stêd Boston. Omdat er berne waard yn de Feriene Steaten, mei er ek foar it nasjonale fuotbalteam fan Amearika spylje, ek al hat er al foar Nederlânske jeugdteams spile. Pierie wit noch net oft er foar Amearika útkomme wol. "Ik heb nu nog helemaal niks in m'n hoofd. Maar dat is nu ook nog niet relevant. Pas als er een interlandperiode aankomt en zowel Amerika als Nederland wil me hebben, dan is het pas relevant. Ik richt me nu gewoon op Heerenveen."

(advertinsje)
(advertinsje)