Botsing tusken twa auto's yn Kollumersweach

Yn Kollumersweach binne sneintejûn twa auto's op elkoar botst. It ûngelok barde op de krusing fan de Foarwei mei de Triemsterloane. In bestelbus, dy't út de rjochting fan De Westereen kaam, en in auto klapten op elkoar.
Ungelok Kollumersweach © De Vries Media
Beide auto's rekken flink skansearre. It buske belâne op 'e side op de dyk. By it ûngelok rekke gjinien ferwûne. Beide bestjoerders koene út harren auto komme. De krusing is om 19.30 hinne wer frijjûn.