Flyers rinne tsjin ferlies oan yn Thialf

28 okt 2018 - 19:40

UNIS Flyers hat it wykein net bekroane kind mei in twadde oerwinning. De Feanster iishockeyers ferlearen sneintejûn yn Thialf mei 5-2 fan Ahoud Devils út Nijmegen. De perioadestannen wiene 1-1, 0-1, 1-3.

Foto: Martin de Jong

Nijmegen iepene yn Thialf yn de earste perioade de skoare. De goal waard makke troch RJ Reed. De Flyers koene noch op gelike hichte komme troch in goal fan Adam Bezak, nei in miskommunikaasje efteryn by Nijmegen.

Yn de twadde perioade sette Levi Houkes Nijmegen wer op foarsprong en oan it begjin fan de tredde perioade wie it opnij Reed dy't foar Nijmegen skoarde en syn ploech op in 3-1 foarsprong sette.

Marco Postma soarge dêrnei foar de oanslutingstreffer foar de Flyers, mar Houkes en Reed smieten de wedstriid op slot troch beide noch in kear te skoaren, sadat it duel yn Thialf teloarstellend yn in 5-2 oerwinning foar Nijmegen einige.

Sneon wûn UNIS Flyers noch mei 5-2 fan de Amsterdam Tigers.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)