Sanne Wevers nei finale op balke by WK turnjen

Sanne Wevers hat har pleatst foar de tastelfinale op balke by de WK turnjen yn Doha, Katar. Se sette úteinlik de fjirde skoare del yn de kwalifikaasjes.
Sanne Wevers op balke © ANP
De Fryske olympysk en Europeesk kampioene kaam sneon op de earste dei fan de kwalifikaasjes al yn aksje. Se seach sneon nei har prima oefening de Amerikaansen Simone Biles en Kara Eaker har skoare oertreffen. Snein, op de twadde en lêste dei fan de kwalifikaasjes, die de Sineeske Zhang Jin dat ek. De tastelfinale fan balke is op sneon 3 novimber.
It Nederlânske frouljusteam pleatse har net foar de lannefinale. De froulju einigen as tsiende, wylst der yn de finale mar plak is foar acht teams.
It manljusteam, mei Epke Zonderland, helle de lannefinale wol en turnt dy moandei.