SC Hearrenfean wint fan AZ yn doelpuntryk duel

28 okt 2018 - 18:38

Sportklup Hearrenfean hat snein trije punten meinaam út Alkmaar. De ploech fan trainer Jan Olde Riekerink wûn yn in doelpuntrike wedstriid mei 3-2 fan AZ en klimt op nei it linkerrychje fan de earedifyzje. Foar Hearrenfean skoarden Michel Vlap (twa kear) en Sam Lammers.

Foto: www.orange-pictures.nl

AZ hie de sterkere start. It earste wapenfeit fan de wedstriid kaam dan ek fan de Alkmaarders. Oussama Idrissi skeat fan ôfstân op doel, mar keeper Warner Hahn koe de bal ienfâldich pakke. Yn de 16e minút wie it wol raak foar AZ troch in goal fan Thomas Ouwejan. Idrissi joech in foarset foar de goal, de bal waard fuortwurke troch Dave Bulthuis, mar yn de rebound skeat Ouwejan yn de fiere hoek binnen: 1-0.

Vlap

Nei de goal fan AZ waard Hearrenfean foar it earst gefaarlik. Morten Thorsby besocht it út in frije traap fan Yuki Kobayashi, mar skeat net hurd genôch yn. Hearrenfean bleau dêrnei druk setten op de Alkmaarder ferdigening en dit betelle him rap út. Michel Vlap makke yn de 30e minút de lykmakker nei in assist fan Arber Zeneli.

Nei it skoft wie it opnij útblinker Vlap dy't foar it ferskil soarge. De Snitser stifte de bal op prachtige wize oer AZ-keeper Bizot hinne nei in foarset fan Sam Lammers, en sette Hearrenfean sa op in 2-1 foarsprong.

Spannend slot

AZ liet it der net by sitte en gie op syk nei de lykmakker. Dy kaam der yn de 79e minút troch in rake kopbal fan Albert Gudmundsson. De iepen wedstriid wie lykwols noch net spile. De Feansters setten nochris oan en fiif minuten foar it einsinjaal makke Lammers de 3-2 foar Hearrenfean, dat ek de einstân wurde soe.

Troch de winst stiet SC Hearrenfean wer yn it linkerrychje fan de earedifyzje, op it achtste plak mei 13 punten út tsien wedstriden.

AZ - SC Hearrenfean 2-3 (1-1) 16. Ouwejan 1-0, 29. Vlap 1-1, 57. Vlap 1-2, 79. Gudmundsson 2-2, 84. Lammers 2-3.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie; Thorsby, Rienstra, Vlap (85. Van Amersfoort); Kobayashi (87. Hornkamp), Lammers, Zeneli (65. Van Bergen).

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)