Jong bokstalint Farshid Bos wint mei 2-1 fan Luuk Elzinga op Frisia Boksgala

28 okt 2018 - 18:00

De 17-jierrige bokser Farshid Bos fan B.A.V. Frisia sette sneontejûn op it Ljouwerter Boksgala heech yn: winne fan Luuk Elzinga fan boksklup Aleco. Earder dizze wike fertelden Farshid en syn coach Piet Rozendaal oan Omrop Fryslân dat Farshid dizze wedstriid perfoarst winne woe. Want it wie dyselde Luuk Elzinga dy't him mei de Noard-Nederlânske kampioenskippen noch mei 3-0 de ring útfocht. Tiid foar revâns op in útferkocht jubileumfeest yn Zalen Schaaf yn Ljouwert.

Farshid Bos (read) en Luuk Elzinga yn de ring - Foto: Omrop Fryslân

Coach Piet Rozendaal rekket mar net útpraat oer syn pupil, dy't útkomt yn de klasse oant 60 kilogram. "Dit heet nu boksen. Ik ben su trots as un pauw op Farshid. Hij het der keihard voor werkt." "Dit hebben we samen gedaan", giet Farshid fierder. "Zonder hem was ik hier nooit gekomen. Hij is als een vader voor mij." De leafde foar syn coach stekt Farshid net ûnder stuollen of banken. "Ik heb zijn naam op mijn borst laten tatoeëren."

Farshid Bos en coach Piet Rozendaal - Foto: Omrop Fryslân

Olympysk bokser Peter Müllenberg

Publykslûker Peter Müllenberg, dy't yn 2016 yn de boksring stie op de Olympyske Spelen fan Rio de Janeiro, spile de lêste wedstryd op it Ljouwerter Boksgala. Hy wûn mei gemak de trije ronden tsjin Kilat Hallie. Foar Müllenberg wie it in feestje om op in boksgala te striden, dêr't safolle publyk op ôfkaam wie.

Peter Müllenberg (read) tsjin Kilat Hallie - Foto: Omrop Fryslân

Foar Müllenberg sels wie der ek noch wol tiid om nei wat wedstriden te sjen. Farshid Bos sprong by him yn it each. "Ik zie dat hij heel veel plezier heeft in het boksen, en dat is heel erg belangrijk. Dat je plezier hebt in deze hobby. Als Farshid zo doorgaat als hij nu doet, dan gaan we waarschijnlijk nog wel meer van deze jongen horen. Dat is ook een tip die ik aan jonge boksers wil meegeven: houd ook die lach in de boksring."

Mear omtinken foar it Ljouwerter Boksgala takom moandei yn Fryslân Hjoed mei in langere sfearreportaazje fan it Boksgala. Sportferslachjouwer Roelof de Vries stiet dan stil by de hichtepunten fan it gala. Dy sfearreportaazje kinne jo moandei hjir ek online besjen.

(advertinsje)