De Friesland komt mei 'Dokter Appke' foar alle medyske fragen

28 okt 2018 - 17:29

Soarchfersekerder De Friesland komt op 6 novimber mei in app foar medyske fragen ûnder de namme 'Dokter Appke'. Medyske fragen dy't je oan Dokter Appke stelle, wurde sa gau mooglik troch in team fan saakkundigen beäntwurde, ek jûns en yn it wykein.

Soarchrobots mei rjochts de minslike pealdûnsjende 'humanoid' op FestiVitaal - Foto: Omrop Fryslân

Epke

Neffens de direksje fan De Friesland hat it publyk hjoed-de-dei ferlet fan sa'n digitaal helpmiddel. Ek foar minsken op reis of op fakânsje is soks handich, want dan hoege je net gelyk nei in bûtenlânske dokter. Dokter Appke wurdt oer in wike lansearre mei in foto fan de bekende turnjende dokter Epke Zonderland. De service is fergees foar elts dy't by De Friesland fersekere is.

Slagge eksperimint

Dokter Appke waard sneintemiddei presintearre op it 'beweech- en dochfestival' FestiVitaal op It Hearrenfean, dêr't mei-inoar sa'n hûndert organisaasjes op it mêd fan sûnens en fitaliteit oan meidiene. Op it fergees tagonklike festival kamen mear as tûzen minsken ôf. Neffens direkteur Steven Hofenk fan De Friesland giet it dêrmei om in slagge eksperimint.

Direkteur Hofenk fan De Friesland oer FestiVitaal

Soarchrobots

Op FestiVitaal wie in soad belangstelling foar de demonstraasje fan ferskate soarchrobots, wêrûnder de libbensgrutte minsklike 'Humanoid'. Yn Fryslân wurde noch net in soad robots ynset foar soarchtaken, mar direkteur Hofenk fan De Friesland ferwachtet dat dy der de kommende jierren seker komme sille.

Trefwurden: 
De Friesland app Dokter Appke
(advertinsje)
(advertinsje)