'058 Samen sterk' is it bêste sûnens-idee fan Fryslân

De Ljouwerter Jerrel Ramdat krige snein de priis foar it bêste idee fan Fryslân foar syn beweechinisjatyf '058 Samen sterk'. De priis is in inisjatyf fan soarchfersekerder De Friesland en waard útrikt op beweechfestival FestiVitaal op It Hearrenfean.
Jerrel Ramdat fan 058 Samen sterk © Omrop Fryslân
It is Ramdat it ôfrûne jier slagge om sa'n 60 bewenners fan achterstânswiken yn Ljouwert letterlik yn beweging te krijen om sûner te libjen. Hy docht dat troch yn groepsferbân mei minsken te sporten en harren ek advys te jaan. Ramdat beskôget de priis fan 7.500 euro fan De Friesland as in oanmoediging om troch te gean. Hy wol it jild brûke foar sealhier, it keapjen fan materiaal en it útwreidzjen fan aktiviteiten.

Te swier

It ferhaal fan Ramdat sprekt de bewenners tige oan, omdat er earder sels ek te swier en net al te sûn wie. Hy hat dat feroare troch in soad te bewegen en te trainen en hâldt de minsken foar dat je ôffalle kinne troch mear te bewegen en sûner te libjen.
058-Samen sterk is it beste sûnens-idee fan Fryslân
058 Samen sterk makke der in fleurige boel fan.....

Yoga

It plan 'Yoga' fan Floor Hylkema krige de twadde priis fan 5.000 euro. Hylkema wol yoga ynsette as yntervinsje by jongeren mei psychyske problemen. Dit bart al yn guon oare lannen mei goede resultaten. It plan Volhouden.nu waard tredde.

Publyksstimmen

De ôfrûne simmer koene minsken foarstellen foar it bêste idee op it mêd fan sûnens yntsjinje by De Friesland. Dat smiet mear as fyftich ideeën op. In sjuery selektearre de fiif bêste foarstellen, wêrnei't it publyk stimme koe op it bêste idee.

Lyts feestje

De priisútrikking yn rekreaasjegebiet De Heide op It Hearrenfean wie in fleurige boel. Der wiene sa'n tweintich dielnimmers oan '058 Samen sterk' mei Ramdat meireizge om him te lokwinskjen en in lyts feestje te bouwen.