Nederlânsk sylteam nominearre foar ynternasjonale priis

28 okt 2018 - 15:16

It Nederlânske olympyske sylteam is nominearre foar de priis 'bêste sylteam fan de wrâld 2018'. De nominaasje is takend troch sylfederaasje World Sailing. Yn it nasjonale sylteam sitte de Friezen Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma.

Foto: Sailing Energy / World Sailing

TeamNL tanket de nominaasje ûnder oaren oan de goede prestaasjes by it WK silen yn Denemarken, ôfrûne simmer. Bouwmeester wûn dêr sulver yn de Laser Radial-klasse. Postma behelle brûns yn de Finn-klasse. Fierder wie der trije kear goud en ien kear sulver foar in oantal oare Nederlânske silers.

De oare trije nominearren foar de titel 'bêste sylteam fan de wrâld' binne Dongfeng Race Team út Sina, Team Beau Geste út HongKong en it Italiaanske team Ruggero Tita & Caterina Banti.

De winner fan de priis wurdt bekend makke by de World Sailing Awards, kommende tiisdei yn Sarasota yn de Feriene Steaten.

(advertinsje)