Aukje de Vries oer problemen Ljouwert: "It liket wol dat se gjin grip hawwe"

28 okt 2018 - 13:41

Twadde Keamerlid Aukje de Vries fan de VVD fynt dat Ljouwert in struktureel probleem hat wat tekoarten en missers oanbelanget. Se sjocht in patroan. Yn it programma Buro de Vries sei se dat nei oanlieding fan de perikelen om it nije Cambuurstadion hinne.

Foto: ANP

Ik fyn it wol opmerklik dat der yn sa'n koart tiid safolle problemen spylje. Dan liket it derop dat se der gjin grip op hawwe.

Aukje de Vries

Skoallemienskip ROC Friese Poort hat him foarearst weromlutsen út it projekt fanwege ûnienichheid mei de gemeente. Aukje de Vries konstatearret dat der in rige fan saken binne dy't net goed rinne of behoarlik út de klauwen rinne op finansjeel mêd.

De Blokhúspoarte bygelyks en de tekoarten op it sosjaal domein hiene neffens it Twadde Keamerlid earder en better oanpakt wurde kinnen.

Buro de Vries wurdt sneintejûn tusken njogggen en alve oere werhelle.

Aukje de Vries oer problemen gemeente Ljouwert

Trefwurden: 
Ljouwert Aukje de Vries
(advertinsje)