Omrop Fryslân-doku oer gers nominearre foar Gouden Greep

28 okt 2018 - 12:03

De rige fan trije dokumintêres fan Omrop Fryslân oer in grut ferskaat oan aspekten fan gers, is nominearre foar in Gouden Greep. Dat is in lanlike priis foar sjoernalistike produksjes oer de lân- en túnbou. De rige hjit 'Blau de himel, grien it gers'.

Foto: Omrop Fryslân

Njonken Omrop Fryslân binne der yn dy kategory twa oare nominaasjes. Dat binne it boek Land van Glas fan Koen van Wijk, oer in túnkersfamylje en 'het mestcomplex', in ûndersyksprojekt fan twa sjoernalisten it NRC, nei fraude mei dong. Op 6 novimber wurdt dúdlik wa't de Gouden Greep wint. De priis is in inisjatyf fan de NVLJ, de Nederlânske feriening foar lân- en túnbousjoernalistyk.

(advertinsje)