Tresoar einiget op twadde plak by ferkiezing argyfstik fan it jier

Histoarysk argyf Tresoar yn Ljouwert hat it twadde plak behelle op de ferkiezing Stuk van het Jaar. De ferkiezing wie yn oktober yn it ramt fan de moanne fan de skiednis. De bydrage fan Tresoar wie in brief fan de jonge fersetsstrider Folkert Bergsma. It publyk koe stimme op de ynstjoerings. Tresoar einige like heech as it Geldersk Argyf. It Centrum voor Familiegeschiedenis wûn de ferkiezing.
© Fries Verzetsmuseum
Mei de neilittenskip fan de jonge fersetsstrider docht Tresoar, yn gearwurking mei it Frysk Fersetsmuseum, mei oan de ferkiezing. Sneontejûn is de winner fan Stuk van het Jaar bekend makke yn it Rijksmuseum yn Amsterdam.

Folkert Bergsma

Yn febrewaris 1944 waard de tweintichjierrige Folkert Bergsma fusillearre troch de Dútske besetter, fanwegen syn rol yn in fersetsgroep yn Seisbierrum. Dizze moanne wurdt fia social media en de webside fan Tresoar it ferhaal fan Bergsma ferteld.