Fryslân suksesfol op NK brassband, mar gjin beker

Nei de winst fan Fryske brassbands op freed yn de tredde en fjirde difyzje fan de Nederlânske brassbandkampioenskippen yn Utrecht, komme ek de winners fan de earste en twadde difyzje út Fryslân. Mar de beker giet nei Grinslân.
Trompet © Shutterstock.com
Brassband Pro Rege fan It Hearrenfean wûn sneon ûnder lieding fan dirigint Anne van den Berg de haadpriis yn de earste difyzje. Yn de twadde difyzje waard brassband Excelsior út Ferwert, ûnder lieding fan dirigint Gijs Heusinkveld, beneamd ta winner.
Wa't Nederlânsk kampioen brassband wurden is, waard pas sneontejûn let bekend. De priis gie nei de Provinciale Brassband Grinslân. De Fryske brassband Soli Brass út Ljouwert, ûnder lieding fan dirigint Anne van den Berg, waard twadde. De winner helle 94 fan de 100 punten. Soli Brass út Ljouwert siet dêr mei 93 punten krekt ûnder.
De Nederlânske brassbandkampioenskippen binne alle jierren. De lêste jierren is it yn Vredenburg yn Utrecht. Der binne fiif klassen dêr't de brassbands yn útkomme: de difyzjes 1 oant en mei 4 en de kampioensdifyzje. Dit jier dogge fjirtich brassbands mei oan it NBK. Yn Fryslân binne in soad brassbands. Dêrom falle Fryske bands wol gauris yn de prizen.