Wintertiid: de klok giet dit wykein in oere efterút

27 okt 2018 - 22:27

De klok wurdt yn de nacht fan sneon op snein in oere efterútset. Om 03:00 oere giet de klok in oere tebek. Der kin dêrom sneontenacht in oere langer sliept wurde.

De wintertiid is de standerttiid. Nederlân hat sûnt 1977 simmer- en wintertiid. It soe kinne dat it dizze hjerst de lêste kear is dat wy de klok fersette foar de wintertiid. Brussel wol graach dat wy permanint oergean op simmertiid.

Trefwurden: 
wintertiid
(advertinsje)