Basketballers Aris ûnderút tsjin Den Bosch

27 okt 2018 - 22:00

Nei twa winstpartijen op rige, binne de basketballers fan Aris Ljouwert sneontejûn yn de kompetysjewedstriid tsjin New Heroes Den Bosch tsjin in ferlies oanrûn. It waard 97-67 foar Den Bosch. De kwartstannen wiene 23-16, 31-17, 22-19 en 24-12.

Foto: Aris Ljouwert

Yn it earste kwart koe Aris noch lange tiid meikomme mei Den Bosch, mar oan it ein fan dat kwart naam Den Bosch ôfstân en sleat it ôf mei in 23-16 foarsprong. Ek yn it twadde kwart koe Aris gjin fûst meitsje tsjin Den Bosch, sadat der mei in 54-33 stân rêst hâlden waard.

Nei it skoft rûn Den Bosch fierder út fan 54-33 nei 64-33. Dêrnei kaam Aris better yn de wedstriid en knokte him knap werom oant 67-51. It tredde kwart waard ôfsletten mei in 73-55 tuskenstân. Yn it lêste kwart naam Den Bosch wer it inisjatyf, liet syn klasse sjen en boude de foarsprong fierder út nei de 97-67 einstân.

Troch it ferlies bliuwt Aris op 6 punten stean út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)