Brûns foar Bianca Bakker en Arjan Stroetinga by KPN Marathon Cup

27 okt 2018 - 21:38

Bianca Bakker fan Wynjewâld hat sneontejûn yn de striid om de twadde KPN Marathon Cup yn Deventer in tredde plak behelle. By de manlju wûn Arjan Stroetinga ek brûns, nei in spannende sprint.

Bianca Bakker - Foto: Timsimaging.nl

Bakker, dy't útkomt foar de ZiuZ-ploech fan De Gordyk, sette yn De Scheg yn Deventer in izersterke sprint del. It is it twadde poadiumplak foar har dit seizoen. Dochs gie de winst nei Irene Schouten fan Royal A-ware. It twadde plak wie foar Francesca Lollobrigida (Lasaulec).

Mear Friezen foelen yn 'e prizen. As fjirde einige Marijke Groenewoud fan Hallum. It fiifde plak wie foar Manon Kamminga fan Haulerwyk. Anne Tauber fan Oranjewâld waard achtste.

Arjan Stroetinga waard tredde - Foto: Timsimaging.nl

Manlju

Ek by de manlju einige de wedstriid yn in massasprint. Dêryn wie Gary Hekman it sterkst. Sjoerd den Hertog waard twadde, foar Arjan Stroetinga fan Waskemar. Oare Friezen yn de top-10 wiene Bart de Vries fan It Hearrenfean op it fiifde plak en Crispijn Ariëns fan Wolvegea op it sechsde plak.

(advertinsje)