Flyers winne yn Amsterdam fan Tigers

UNIS Flyers hat sneontejûn de bekerwedstriid wûn fan Amsterdam Tigers. Yn Amsterdam wiene de Feansters mei 5-2 dúdlik te sterk foar de Tigers. De perioadestannen wiene 0-1, 0-2, 2-2.
© Martin de Jong
Adam Bezak iepene yn de earste perioade de skoare foar de Flyers nei in assist fan Tony Demelinne en Marco Postma. Jasper Mordeman ferdûbele yn de twadde perioade de skoare foar de Flyers en Trevor Hunt tekene foar de 3-0 foarsprong.
Yn de tredde perioade sette Todd Ratchford syn ploech al gau op 4-0. Amsterdam kaam troch twa goals lang om let op it skoareboerd, mar Pippo Limnell skoarde de fiifde fan de jûn foar de Flyers en dy 5-2 foarsprong wie fuort ek de einstân.
Snein spilet UNIS Flyers om 17:00 oere thús yn Thialf tsjin Nijmegen.