ONS Snits nei royale winst tsjin SJC

27 okt 2018 - 20:05

ONS Snits hat sneontejûn yn de tredde difyzje mei dúdlike sifers ôfrekkene mei SJC út Noordwijk. De Snitsers wiene op besite yn Noordwijk mei 4-1 te sterk foar SJC.

ONS kaam yn de earste helte al op in 2-0 foarsprong troch goals Yumé Ramos en Ale de Boer. Direkt nei it skoft soarge Tom Duindam foar de oanslutingstreffer foar SJC. Fierder liet ONS it net komme. Snits boude de foarsprong fierder út nei 4-1 troch twa goals fan Jelle de Graaf.

ONS stiet yn de tredde difyzje no op it njoggende plak mei 16 punten út njoggen duels.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)