Sukses foar kuorballers Mid-Fryslân en SCO

27 okt 2018 - 17:20

De kuorballers fan Mid-Fryslân soargen sneontemiddei foar in stunt yn de haadklasse A. Koprinner KCC út Capelle aan den IJssel wie op besite yn Reduzum en rûn dêr tsjin it earste ferlies oan. Nei in stroef begjin krige Mid-Fryslân de guit en healwei stie de 13-10 tuskenstân op it skoareboerd. Yn de twadde helte koe de thúsploech fan coach Peter Tolsma stânhâlde. Einstân 19-16.

Mid-Fryslân - Foto: Twitter @kvmidfryslan

Mid-Fryslân kaam nei in lytse tsien minuten goed yn de wedstriid. Martijn de Bruin en Jakko de Nekker hiene hast alles ûnder de koer, Harm Smit en Wessel Bergsma rekken dêrtroch better op skot. Mei in pear moaie goals fan Klaske Toering en de sterke stipe fan de oare froulju, waard koprinner KCC ferslein.

SCO

SCO út Aldeholtpea hat sneontemiddei yn de haadklasse A ek in oerwinning behelle. Yn Arnhem waard Oost-Arnhem mei 12-10 ferslein. SCO seach lange tiid tsjin in efterstân oan en beide ploegen giene mei in 8-5 stân foar Oost-Arnhem it skoft yn. Yn de twadde helte kaam SCO sterk werom en wist yn de slotminuten it ferskil te meitsjen.

It earste part fan de fjildkompetysje sit der no op. KCC begjint nei de sealkompetysje as koprinner oan de twadde helte. KCC hat 14 punten út 8 wedstriden. Mid-Fryslân en Groen Geel binne de nûmers twa en trije mei 10 punten út 8 wedstriden. SCO stiet op it fiifde plak mei 6 punten.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Mid-Fryslân
(advertinsje)