Sanne Wevers makket yndruk op balke yn kwalifkaasjes WK turnjen

27 okt 2018 - 16:54

Sanne Wevers hat sneon by de WK turnjen yn Doha, Katar, yn de kwalifikaasjes in goede oefening turne op de balke. De Olympysk kampioene fan 2016 kaam ta in skoare fan 14,033. Se is oant no ta de iennige turnster dy't op it tastel boppe de 14 punten skoarde. De Belgyske Nina Derwael stiet foarearst twadde mei 13,766.

Sanne Wevers yn aksje op de balke - Foto: ANP

Nederlân turne yn de fjirde fan alve subdifyzjes. Pas snein om 18:00 oere hinne binne alle turnsters yn aksje kaam. De bêste acht op alle tastellen pleatse har foar in tastelfinale.

It Nederlânske frouljusteam skoarde in puntetotaal fan 159,029. Se stean dêrmei op it stuit op it tredde plak, efter Japan en Dútslân.

Trefwurden: 
WK turnjen Sanne Wevers balke Doha
(advertinsje)