Harkemase Boys wint fan ASWH

Harkemase Boys hat sneon de tredde difyzjewedstriid tsjin ASWH út Hendrik-Ido-Ambacht wûn. Op Sportpark De Bosk waard it 4-2 foar de ploech fan trainer Tieme Klompe.
Harkemase Boys wint fan ASWH
De nûmer fjouwer fan de tredde difyzje kaam na tolve minuten op efterstân nei in goal fan Jesper van den Bosch fan ASWH. Lang koene de gasten út Súd-Hollân, dy't fiifde stean, net genietsje fan harren foarsprong. Berwout Beimers makke inkelde minuten letter de lykmakker nei in foarset fan Pier Veldman. Henny Bouius makke dêrnei rap de 2-1 foar de Boys, mar krekt foar it skoft kaam ASWH op 2-2 troch in kopbal fan David Almeida.
Nei it skoft sette ASWH mear druk, mar ta in goal late dat net. Oan de oare kant wie it Robert Stelpstra dy't út it neat Harkemase Boys wer op foarsprong sette. Pier Veldman sette tsien minuten foar it ein fan de wedstriid de 4-2 einstân op it skoareboerd foar de Boys.
Harkemase Boys wint fan ASWH
Harkemase Boys wint fan ASWH

VV Bûtenpost

VV Bûtenpost koe yn de haadklasse sneon wer in oerwinning byskriuwe. De ploech fan trainer René van der Weij wûn mei 4-3 op besite by WHC út Wezep/Hattemerbroek . Rudmer Loonstra makke in hattrick en yn de alderlêste minút skoarde Rob Dijkstra it winnende doelpunt.