Soad publyk foar earste libjend erfgoed fair

27 okt 2018 - 16:21

Yn Harich is sneon de earste Levend Erfgoed Fair hâlden; in evenemint dat draait om âlde rassen út benammen Fryslân. It is de earste kear yn Fryslân dat sa'n grut ferskaat oan organisaasjes, bisten en planten op dizze skaal byelkoar komt. Uteinlik moat it helpe om dy bisten en planten te behâlden.

Dat is wichtich want je kinne dy âlde rassen bygelyks goed brûke om gruttere, mear populêre rassen sterker te meitsjen. Boppedat heart it by de kultuer fan in streek of provinsje. It evenemint luts tûzenen minsken en de organisaasje is hiel tefreden mei it ferrin fan de Fair.

De alde rassen wiene fan hiel tichtby te besjen. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)