Replika Willem Barentsz hjit De Witte Swaen

De namme fan de replika fan it skip fan Willem Barentsz is sneontemiddei bekend makke: De Witte Swaen, hjit it skip. De namme fan it skip wêrmei't Barentsz de noardlike trochfeart nei Ynje besocht te finen, en wermei't er op Nova Zembla strâne, wie oant no ta ûnbekend bleaun. Neffens ûndersikers hjitte it orizjineel De Witte Swaen, sa makke de boumaster fan de replika, Gerald de Weerdt, by de doop bekend.
Willem Barentsz skip wurdt te wetter litten
Prinses Margriet doopte De Witte Swaen sneontemiddei noch krekt foar in flinke bui. Se winske De Witte Swaen in behâlden feart. It ekspedysjeskip is noch net hielendal klear. Der moat noch in mêst op en seilen. De opbou sil noch in jier duorje.
Oan de kade yn in werf yn Harns waard sûnt 2010 troch in groep frijwilligers oan it skip boud. De tewetterlitting mei in hyskraan luts in soad publyk. Neffens De Weerdt sitte der yn De Witte Swaen al 27.000 manoeren. Hy is grutsk op it resultaat: "We zijn tegen de stroom in begonnen, midden in de economische crisis. Het heeft daarom zo lang geduurd en soms waren we er ook wel moe van", fertelt De Weerdt.
De Witte Swaen © Postema Media