Programmamakker Johan van der Zee ferstoarn

Programmamakker Johan van der Zee is freed yn de âldens fan 76 jier ferstoarn. Van der Zee wie benammen bekend fan it programma Van Gewest tot Gewest, wat tsjintwurdich by Omrop Fryslân útstjoerd wurdt as Gewest Fryslân.
© Omrop Fryslân
Piter Tjeerdsma fan Omrop Fryslân oer Johan van der Zee
Van der Zee begûn syn karriêre yn 1965 by de regionale omrop RONO, de foarrinner fan Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Noord. Syn meast ferneamde wurk die er lykwols foar it programma Van Gewest tot Gewest, dêr't er fan 1968 oant 2002 wurke. Foar dit programma wie er ferantwurdlik foar it Fryske part. Hy krige de taak om Fryslân mei safolle mooglik fariaasje yn byld te bringen.
Programmamakker Johan van der Zee ferstoarn

Ambassadeur fan Fryslân

De earste reportaazje fan Van der Zee foar Van Gewest tot Gewest gie oer it korps Het Heidebloempje fan De Harkema. It korps spile doedestiids op it Holland Festival. Yn de bydragen fan Van der Zee waard Frysk praat, wat Nederlânsk ûndertitele waard.
Van Gewest tot Gewest wie jierrenlang in wier ikoan op telefyzje. Yn koarte dokumintêres en sfearreportaazjes waarden ferskate regio's fan Nederlân yn byld brocht. It is nei it NOS Journaal it langst rinnende telefyzjeprogramma fan Nederlân. Twa jier nei't Van der Zee by Van Gewest tot Gewest ophâlde, hâlde it programma ek op.
Eelke Lok oer Johan van der Zee

Gewest Fryslân

Ek no noch wurde de reportaazjes fan Van der Zee útstjoerd op Omrop Fryslân, yn it programma Gewest Fryslân. Yn dat programma sjocht Van der Zee tegearre mei Eelke Lok werom op syn meast bysûndere reportaazjes. Yn oerlis mei de famylje sil de útstjoering fan sneontejûn gewoan trochgean.
Programmamakker Johan van der Zee ferstoarn