Replika Willem Barentsz wurdt te wetter litten, Prinses Margriet doopt it skip

27 okt 2018 - 10:23

De replika fan it ekspedysjeskip de Willem Barentsz fan de Skylger wrâldreiziger út de 16e iuw, wurdt sneontemiddei yn Harns te wetter litten. Prinses Margriet sil it skip dope en dan wurdt ek de namme fan it skip bekend makke.

Der is hast acht jier wurke oan de replika. Yn dy perioade wiene der in soad problemen, foaral op finansjeel gebiet. Sa soe it skip al yn 2014 klear wêze. Letter waard dat bysteld oant begjin 2018, by de iepening fan Kulturele Haadstêd. Ek dat slagge net, mar no is er dochs echt klear. De tewetterlitting is sneontemiddei om twa oere.

Willem Barentsz yn de takel - Foto: Jannette Van der Ploeg
(advertinsje)